Kuipers selektearre foar WK

André Kuipers (foto: knkv)
Topkuorballer André Kuipers fan Britsum is opnaam yn de seleksje foar it WK kuorbal. Dat makke it kuorbalbûn KNKV bekend. De 29-jierrige Kuipers is spiler fan Koog-Zaandijk. Dêrfoar spile er jierrenlang by DOS'46. Heal septimber wurdt dúdlik oft Kuipers ek opnaam wurdt yn de definitive WK-seleksje.
It WK kuorbal wurdt ein oktober hâlden yn it Sjineeske plak Shaoxing.