Bou parkeargaraazje begjint

17 aug 2011 - 12:31

De bou fan de parkeargaraazje ûnder it Raadhuisplein yn Drachten begjint lang om let. It projekt yn it sintrum hat lang op him wachtsje litten omt de projektûntwikkeler de saak finansjeel net rûn krije koe. Der komme ek 165 nije hûzen en mear winkels. It giet om in ynvestearring fan 90 miljoen euro.

Moandei wurdt de Drift ôfsletten. De winkels bliuwe wol berikber. In wike letter giet it Raadhuisplein ticht foar parkearjende auto's. De garaazje moat yn 2014 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)