Fakânsje yn hûs fan Elkien

Wenningkorporaasje Elkien is tefreden oer it beskikber stellen fan hierwennings as fakânsjehûs. Foar it earst koene fan it simmer hierders fan Elkien dy't it finansjeel dreech ha de fakânsje trochbringe yn huzen fan kollegakorporaasjes yn Gelderlân en Seelân en oarsom.
In lytse 15 Fryske gesinnen fierden sa fakânsje yn Apeldoorn en Burgh Haamstede en in lytse 10 gesinnen út Apeldoorn brochten de fakânsje troch yn Fryslân.