Boartersguod Nijntje út Snits

17 aug 2011 - 12:06

Boartersguod fan Sesamstraat, Nijntje en Woezel en Pip wurdt tenei betocht yn Fryslân. Boartersguodgruthannel Van der Meulen yn Snits hat de produktûntwikkeling foar de Benelux oernommen fan in oar bedriuw.

By it Snitser bedriuw wurkje no 60 minsken. It bedriuw ferwachtet in omsetgroei fan 10 prosint. Mooglik moatte der nije kreative minsken oannommen wurde om nije produkten te betinken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)