Plysje pakt ambulânseklever

17 aug 2011 - 11:37

In man (33) út Frjentsjer is tiisdei oanhâlden. Hy ried moarns achter in ambulânse oan dy't by Ljouwert oer de Hendrik Algrawei ried. Om in frachtwein yn te heljen naam de ambulânse de linkerrydbaan op de rotonde. De Frjentsjerter die dat ek.

Plysjes dy't yn de ambulâns sieten om de pasjint te begelieden, joegen it kenteken fan de ambulânseklever troch oan kollega's. Dy setten de man oan de kant.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)