Russyske bommewerpers yn loft

17 aug 2011 - 11:11

Twa F16's fan de Ljouwerter fleanbasis ha woansdeitemoarn de loft yn west om twa Russyske jachtbommewerpers te ûnderskeppen. De Russen sjogge de flucht as oefening en hiene har komst net yn 't foar oankundige. De F16's ha de bommewerpers begelaat nei de grins fan it Nederlânske loftrom.

De Ljouwerter basis is sûnt in wike wer ferantwurdlik foar de saneamde Quick Reaction Alert-aksjes. Dat hâldt yn dat twa F16's altyd paraat steane om ûnbekende fleantugen te ûnderskeppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)