Graffityspuiters trappearre

17 aug 2011 - 09:59

Fiif jonge graffityspuiters binne op Skylge oanhâlden. It giet om jongerein út Driehuis, Aardenhout, Santpoort en Beverwijk. Tsjûgen trappearren de groep by Midslân. De spuiters naaiden út mar lieten har hierfysten en in rêchsek mei spuitbussen achter.

De tsjûgen draaiden de fytsen op slot en joegen de kaaien oan de plysje. Fia de labels fan it ferhierbedriuw binne de jongerein achterhelle. Der is proses-ferbaal opmakke en se moatte de skea betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)