Brân yn wenning boppe kafee

De wenning boppe it kafee Sam Sam oan de Grinzerstrjitte yn Surhústerfean is woansdeitemoarn betiid folslein útbaarnd. Doe't de brânwacht oankaam, wie der al gjin rêden mear oan.
Der wiene gjin minsken yn it hûs op it momint fan de brân. De oarsaak is noch ûnbekend. It kafee ûnder de wenning hie reek- en wetterskea. It kafee kin foarearst net iepen om't der in soad wetterskea is.