Brân by Keuken Kampioen
By de Keuken Kampioen oan de Schenkenskâns yn Ljouwert hat tiisdeitejûn brân west. In fytser seach fjoer op it dak en warskôge de brânwacht. Dy hie de brân snel ûnder kontrôle. Om by de brân te kommen, is in part fan it dak sloopt.
Yn it gebou ûntstie reek- en wetterskea. De oarsaak is noch ûnbekend, mooglik giet om in technysk mankemint.