Mear klachten oer opritten

Der moat opnij ûndersyk dien wurde nei de klachten fan bewenners fan De Greiden op It Hearrenfean. Dat seit it CDA, nei in enkête mei 23 reaksjes.
Twa wike lyn fertelde ien fan de bewenners by Omrop Fryslân dat syn oprit nei in werynrjochting fan de wyk folle smeller wurden is. Hy kin der net mear goed lâns mei syn auto en syn oanhingwein. Wethâlder Hartsuiker seach doe gjin reden foar oanpassings, omdat der mar ien klacht wêze soe. Neffens it CDA is dat net wier.