Keatser Van der Meulen werom

16 aug 2011 - 19:36

Johan van der Meulen komt yn 2012 werom yn it Fryske keatsen en sil in partoer foarmje mei Karel Nijman en Folkert van der Wei. Van der Meulen keatst no noch yn België.

Folkert van der Wei socht nije maten neidat Marten van der Leest bekend makke net mei him fierder te wollen. Herman Sprik beslet dêrnei om op te hâlden. Karel Nijman moat noch opknappe fan de brutsen rib en de klaplong dy't hy tidens de PC oprûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)