Opera Nijetrine kin net groeie

16 aug 2011 - 16:31

De opera fan Nijetrine kin net grutter wurde. De opera wurdt opfierd yn natuergebiet De Rottige Meenthe. Grutter wurde mei net fanwege de strange miljeu-easken.

De alfde edysje fan de opera giet tiisdei yn premjêre. Foar it stik The Beggar's Opera fan John Gay is as dekôr in autosloperij neiboud. De organisaasje ferklearret it súkses út it feit dat se bysûndere stikken opfiere. Boppedat is it goed fersteanber, want yn it Nederlânsk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)