Oanfarring IFKS 'hakt deryn'

16 aug 2011 - 16:19

De slachtoffers fan it ûngelok by it IFKS-skûtsjesilen, moandei by Starum, binne noch hieltyd fan slach. Herman Rijpma fan Heech bygelyks is ien fan de twa minsken dy't ferwûne rekke binne. Om't er bot lêst hat fan de rêch, folget er de wedstriid thús. Hy kin troch it rút de silerij sjen.

Rijpma tinkt noch geregeld werom oan de oanfarring. De gefolgen hiene slimmer west kind. Rijpma is acht jier bemanningslid op de Lytse Lies. Hy moat no rêst hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)