Untslach Pointer oanfjochte

© Omrop Fryslân
Fakbûn FNV Bondgenoten fjochtet it ûntslach fan trije wurknimmers fan fytsfabryk Pointer yn Boelensloane oan. De trije soene oerstallich wêze, om't der gjin gewoane fytsen mear makke wurde. Mar neffens it fakbûn is op ferskate plakken te lêzen dat de produksje gewoan trochgiet. De echte reden is dat de trije te djoer binne, seit it fakbûn.
Der wurdt no besocht it ûntslach werom te draaien of in skeafergoeding te krijen.