Beerens wie fertrouwen kwyt

Roy Beerens (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)
Roy Beerens wie it fertrouwen kwyt en woe dêrom nei in oare klup. Hy giet no by SC Hearrenfean wei. Tiisdei hat er in kontrakt tekene foar fjouwer jier by AZ. De klik mei Hearrenfeantrainer Ron Jans wie der net.
Beerens woe eins yn jannewaris al fuort. Dat woe Hearrenfean doe net, mar no wol. Beerens traint tiisdeitemiddei al mei yn Alkmaar. Dêr is er dan ek wer by âld-Hearrenfeantrainer Gertjan Verbeek.