Opsterlân stipet Fûgelhelling

Foto: Omrop Fryslân
Opfangsintrum De Fûgelhelling yn Oerterp krijt jild fan de gemeente Opsterlân. It jild is bedoeld foar in romte foar presintaasjes en eksposysjes. It fûgelsintrum hat ferlet fan mear sealromte om't der in soad oanfragen foar groepsekskurzjes en foar lessen foar skoalbern binne.
De provinsje betellet it grutste part fan de útwreiding. Der binne ek fûnsen dy't jild jouwe. De gemeente jout in bedrach fan hast 20.000 euro.