Rútynsmiter pakt op skoalplein

16 aug 2011 - 09:54

In 21-jierrige man út Boalsert is moandeitejûn oanhâlden foar fernielerij. Tsjûgen hiene sjoen dat by in basisskoalle oan De Blink de ruten ynsmiten wiene. Se hiene doe de plysje warskôge.

De plysje trof de fertochte op it skoalplein. Hy bekende fuortendaliks. De man is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)