Fuotballer Beerens nei AZ

16 aug 2011 - 06:29

Fuotbalklup AZ út Alkmaar sil tiisdei Hearrenfeanspiler Roy Beerens as nije oanwinst presintearje. Beerens hat in kontrakt foar fjouwer jier tekene. De transfer kostet AZ 1,5 miljoen euro. De beide fuotbalklups hawwe wiken oer de oankeap praat.

Beerens fuotballe sûnt 2007 foar SC Hearrenfean. Hy hie noch in kontrakt foar twa jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)