Laptopdief Burgum flot pakt

In boargernetaksje en in syktocht mei in helikopter hawwe derfoar soarge dat in laptopdief oppakt wurde koe. De ynbrekker hie de kompjûter moandei út in wente oan it Noardermeer meinaam. In tsjûge fan de stellerij warskôge de plysje. De help fan in plysjehelikopter út Amsterdam waard ynroppen. Dy hat goed in heal oere boppe Burgum hongen.
Eintsjebeslút wie it in dielnimmer oan de boargernetaksje dy't de dief seach. De plysje koe him dêrop oppakke.