'Neat mis mei swimfiver'

15 aug 2011 - 17:16

It wetter fan de fiver yn Schatzenburg is neat mis mei. Dat seit wethâlder Lute Pen fan de gemeente Menameradiel. In skoftke lyn sei eksploitant Ron van Booma dat der asbest en fersmoarge bagger yn it wetter siet. Dêr moat wat oan dien wurde, fynt er.

De gemeente hat it wetter kontrolearre. Der is neat oan de hân. It wetter is wol licht fersmoarge, mar neffens wethâlder Pen hoecht it net hielendal skjin te wêzen. It is gjin offisjeel swimplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)