Takom jier wer Into the Grave

Der komt takom jier in nije edysje fan it Into The Grave-festival yn Ljouwert. De organisaasje freget dêr in nije fergunning foar oan by de gemeente. It festival Into the Grave op it Aldehoustertsjerkhôf belibbe sneon de earste edysje. Dêr kamen hast 2000 besikers op ôf. De organisaasje is tefreden. Der wiene gjin ynsidinten. It súkses wie te tankjen oan it ferskaat oan ynternasjonale artysten, de lege entreepriis en it droege waar.