Yndiëbetinking op It Fean

Foto: Omrop Fryslân
Op it Gashoudersplein op It Hearrenfean is moandei de tradisjonele betinking fan de Japanske kapitulaasje en de befrijding fan Nederlânsk-Yndië yn de Twadde Wrâldoarloch. Der binne taspraken en der is in minút stilte. Nei it Wilhelmus wurde der blommen lein.
Der wurdt ek offisjeel stilstien by de fiif Feansters dy't yn Nederlânsk-Yndië om it libben kaam binne. Yn 2002 is foar harren in tinkstien pleatst op de hoeke mei de Van Kleffensleane.