Mangelwriuwmasine nei Marokko

15 aug 2011 - 12:06

Mei Fryske help leare Marokkaanske froulju út it Rifgeberchte ynkoarten hoe't se sels marsepyn en spys meitsje kinne fan amandels. Se krije der in 100 jier âlde wriuwmasine foar. In âld-banketbakker fan Stiens hat dy kocht.

It idee foar de masine komt fan Sietske de Boer. De Friezinne wennet yn it Rifgeberchte. It gebiet dêr is earm en minsken hawwe net folle oplieding. As de froulju sels leare de mangels te ferwurkjen kinne se jild fertsjinje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)