Automobilist ferwûne op Skylge

15 aug 2011 - 10:14

Op Skylge is sneintemiddei in 24-jierrige automobilist fan it eilân ferwûne rekke by in oanriding. De man kaam yn botsing mei in auto bestjoerd troch in frou. Sy draaide krekt de dyk op op it stuit dat de Skylger der oankaam. Dy besocht noch út te wiken, mar dat slagge net.

De man rekke ferwûne oan 'e rêch. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)