Strjitracers oanhâlden

15 aug 2011 - 09:56

Twa strjitracers (23 en 25 jier) binne snein yn Ljouwert oanhâlden. Se stiene op de krusing Aldlânsdyk-Henri Dunantwei te wachtsjen foar it reade ferkearsljocht. By grien joegen se flink gas. Se rieden 80 kilometer yn de oere, dêr't net hurder as 50 mei. De plysje sette harren by it tankstasjon oan de Aldlânsdyk oan de kant.

In oare Ljouwerter (32) rekke snein syn rydbewiis kwyt. Hy ried 127 oer de Dammeleane dêr't 50 it maksimum is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)