Trio Koelmans wint yn Baard

Trio Koelmans (argyffoto: sportfotograaf Hijlkema)
It partoer fan Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hat snein op de frije formaasjepartij yn Baard op 'e nij harren favoriterol wiermakke. De finale tsjin Afke Kuipers, Nynke Sijbrandij en Bianca van der Veen waard wûn mei 5-2 en 6-4. Tred waarden Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Aukje van Kuiken, dy't ynfoel foar Gérieke de Groot.
It trio Koelmans hat dit seizoen al tsien partijen wûn en is favoryt foar de froulus PC op 24 augustus yn Weidum.