Brûns foar Schuil en Nummerdor

14 aug 2011 - 17:16

It duo Schuil en Nummerdor hat snein op it EK beachfollybal yn Kristiansand brûns pakt. Dat wie ek it heechst helbere. Earder op de dei ferlearen se de heale finale.

De wedstriid om it tredde plak wûnen se mei 25-23, 15-21 en 18-16 fan it Switserske duo Heuscher en Bellaguarda. De Ljouwerter Richard Schuil wie mei syn maat Reinder Nummerdor titelhâlder op it EK yn Noarwegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)