Trio V.d. Bos wint yn Menaam

14 aug 2011 - 16:39

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ha snein de Gouden Willempartij yn Menaam wûn. De PC-winners troffen, lykas op de PC, Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra yn de finale. De partoeren wiene oant 3-3 oan inoar weage, mar by 5-3 en 6-6 sloech it perk Bruinsma-Feenstra de bal kwea.

De lytse preemje yn Menaam gie nei it partoer fan Jan Dirk de Groot.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)