Hearrenfean ferliest mei 5-1

14 aug 2011 - 16:23

SC Hearrenfean is snein kânsleas ûnderút gien yn de Amsterdam Arena. Tsjin lânskampioen Ajax waard it 5-1.

De Amsterdammers hiene de hiele wedstriid in sichtber fjildoerwicht, al koe de ploech fan trainer Ron Jans sa no en dan gefaarlik wurde troch in flugge counter. Pas let yn de earste helte waard de skoare iepene troch Ajax, mar yn fiif minuten tiid skoarden Dost foar de Feansters en Ajacied Alderweireld de 2-1. Ajax boude de foarsprong nei rêst út ta 5-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)