Man dea yn flat Ljouwert

14 aug 2011 - 15:44

Yn in flatwennning oan de Julianaleane yn Ljouwert is sneintemiddei it stoflik omskot fûn fan in 56-jierrige man út Ljouwert. In buorman wie op ûndersyk gien nei't er in soad oerlêst fan miggen hie. Dy ynsekten kamen út it hûs fan syn buorman dy't er al in skoft net sjoen hie.

Neffens de plysje hat it lichem wol in moanne yn it hûs lein. De technyske resjerzje hat ûndersyk dien en giet der fan út dat de man in natuerlike dea stoarn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)