Bysûndere sprong Hobma

Helmholt en Hobma
De sprong fan 20,83 meter dy't Thewis Hobma sneon sprong op it Frysk kampioenskip is in bysûndere. De Ljouwerter stiet hjirtroch yn ien kear as twadde op de ranglist bêste ljepper fan alle tiden.
Hobma giet Nederlânsk kampioen Jaco de Groot foarby. Dy ljepte 20,81 meter. Bart Helmholt, dy't sneon yn Winsum twadde waard, stiet noch boppe oan mei in sprong fan 21,26 meter. Hy is de iennichste ljepper dy't oer de 21 meter ljept hat.