Boete foar rappe riders

By in snelheidskontrôle yn Ljouwert binne sneontejûn sân bekeurings útdield. De plysje mjitte de snelheid op de Dammeleane. Ien bestjoerder hie 99 kilometer op de teller wylst 50 tastien is. Trije bestjoerders binne oanhâlden foar ride sûnder rydbewiis. Ien fan har, in Ljouwerter (27) is dêr al faker foar pakt. Syn auto is yn beslach naam.
In Ljouwerter (28) op in skooter is ek oanhâlden. Hy hie gjin rydbewiis en ried ek mei tefolle drank op.