Bedriging op De Gordyk

14 aug 2011 - 12:23

De plysje hat sneontenacht op De Gordyk trije manlju oppakt fanwege bedriging. De plysje wie ynskeakele troch in jonge (17) dy't mei syn maat it slachtoffer wurden wie fan de manlju. De jonges fytsten troch de Jan Eisengastrjitte doe't in man út in hûs kaam. Hy beskuldige de jongste derfan dat dy him bedrige hie. De jonge sei dat er fan neat wist. Doe rjochte de man in pistoal op syn freon.

De plysje hat trije manlju oanhâlden en in alarmpistoal yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)