Wurk Drachtsterplein begjint

De takomstige situaasje op it Drachtsterplein
Yn Ljouwert begjint moandei it wurk oan it Drachtsterplein. Dat wurdt hielendal opnij ynrjochte om Ljouwert better berikber te meitsjen. Fan moandei ôf wurdt wurke oan in tydlike ferkearssituaasje. Dat betsjut dat der tydlike rydbanen komme en tydlike belijning en buorden. De gemeente hopet dat it ferkear hjirtroch sa min mooglik hinder fan it wurk hat.
It wurk oan it Drachtsterplein duorret mei-inoar in jier. Oanslutend wurdt in akwadukt oanlein yn de Drachtsterwei.