Aksje AFA by útsetsintrum

Sa'n tweintich minsken fan de Anti Fascistische Aktie, de AFA, ha sneontemiddei in demonstraasje hâlden by it útsetsintrum yn Ter Apel. Dêr wenje minsken dy't wachtsje oant se Nederlân útset wurde. De aksje wie rjochte tsjin it útsetbelied fan it regear. De AFA fynt dat ûnminsklik.
AFA Fryslân krige stipe fan sympatisanten út Emmen en Hengelo en fan in askjegroep út Grins. Se dielden roazen út oan de bewenners fan it útsetsintrum.