Postma tredde yn Weymouth

13 aug 2011 - 17:58

Pieter-Jan Postma is by de pre-olympyske sylwedstriden yn Weymouth as tredde einige. De Finn-siler begûn as twadde oan de medaljerace. Yn dy race tusken de bêste tsien waard er achtste. Omdat de Frânsman Jonathan Lobert tredde waard gong dy Postma foarby yn it klassemint. Postma hie earder dizze wike trije kear in race wûn.

De Ingelsman Ben Ainslie wûn de medaljerace. Hy wie foar de finale ek al wis fan de einoerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)