Hobma wint op fenomenale wize

13 aug 2011 - 16:27

Thewis Hobma hat sneon it FK fierljeppen yn Winsum wûn. By de senioaren sprong de Ljouwerter yn de finale 20.83 meter. Hy wie dêrmei better as Bart Helmholt (20.39), de kampioen fan de lêste trije jier.

By de junioaren waard Alwin Fonk fan Burgum mei 18.48 meter kampioen. By de froulju wûn Hiske Galama fan De Haule. Se prolongearret mei in sprong fan 15.91 meter de titel. By de jonges wie Sytse Bokma fan Hylpen mei 17.20 meter de bêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)