Helmholt as earste oer 20 m.

13 aug 2011 - 15:04

Bart Helmholt is sneon op it FK fierljeppen as earste oer de 20 meter sprong. De kampioen by de senioaren sprong 20.39 meter yn syn twadde sprong yn Winsum. Ek Hiske Galama leit op kampioenskoers by de froulju.

It fierljeppen is om 13.30 oere begûn yn Winsum. Nei trije sprongen geane de bêste trije by de jonges en de froulju nei de finale. Fan de junioaren en senioaren geane de earste fiif troch. De waarsomstannichheden binne noch hieltyd goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)