Skûtsje Snits yn iepenloftspul
It skûtsje fan Snits, de Sneker Pan, stiet yn de simmer fan 2013 sintraal yn in iepenloftspul. It Snitser skûtsje bestiet takom jier hûndert jier. It iepenloftspul wurdt organisearre troch toanielferiening Theater Snits. It wurdt hâlden oan de râne fan de Snitsermar.
De Sneker Pan mei skipper Douwe Visser wûn dit jier it SKS-kampioenskip. It wie foar Douwe Visser de sechde titel.