FK fierljeppen yn Winsum

13 aug 2011 - 13:48

Yn Winsum is sneon it FK fierljeppen begûn. It kampioenskip wurdt foar de 55e kear hâlden. By de senioaren moat Bart Helmholt fan Burgum syn titel fan ferline jier ferdigenje. By de froulju makket kampioene Hiske Galama fan De Haule opnij in goede kâns.

Der wurde goed 2.500 besikers ferwachte. It wie de ôfrûne dagen spannend oft it evenemint wol hâlden wurde koe, om't it fierljeppen by te folle reinwetter net trochgean kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)