H'fean sjocht nei V.d. Heijden
Sportklup Hearrenfean hat ynteresse yn Jan Arie van der Heijden. Neffens trainer Ron Jans ha se ynformeard nei de Ajax-spiler, mar binne der wol mear spilers dêr't se yntereseard yn binne.
De 23-jierrige Van der Heijden waard de lêste twa jier ferhierd oan Willem II. De kontrolearjende middenfjilder komt by Ajax net oan spyljen ta.