Schmidt yn de basis tsjin Ajax

13 aug 2011 - 12:53

SC Hearrenfeanspiler Doke Schmidt spilet sneon yn de wedstriid tsjin Ajax foar it earst yn de basis. Hy ferfangt Daryl Janmaat dy't sneon by de training fan it fjild ôfgie mei in hamstringblessuere. It is foar it earst dat de 19-jierrige Feanster in basisplak hat.

Trainer Ron Jans kiest fierder foar deselde spilers as ôfrûne sneon tsjin NEC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)