Into The Grave yn Ljouwert

13 aug 2011 - 12:43

It metalfestival Into The Grave is sneon yn Ljouwert. By de Aldehou begjint de band Disintegrate om 14.00 oere. It festival wurdt foar de earste kear hâlden.

Ferline jier koe it op it lêste momint net trochgean om't der te min plysje wie. Dy wiene by de Snitswike oan it wurk. Troch in oare datum nei de Snitswike te kiezen, kin it no al trochgean. De organisaasje ferwachtet goed 2.000 besikers. De lêste band is Devin Towsend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)