Plysje pakt ynbrekkers

De plysje hat freedtemoarn yn Harns twa ynbrekkers oanhâlden. De manlju fan 23 en 26 jier út Veendam en Wildervank hiene op Skylge de klûs út in hotel stellen. Mei in bankpas út de klûs wie jild opnaam.
Nei't de plysje de melding binnen krige, waarden de mannen by oankomst fan de fearboat yn Harns opwachte. Se hiene it jild noch by harren. De mannen waarden al yn de gaten hâlden om't se bekenden fan de plysje binne.