Tsjûgen fernielings socht

12 aug 2011 - 20:08

De plysje siket tsjûgen fan de fernielings oan 14 auto's yn Frjentsjer. Yn de nacht 4 op 5 augustus waarden spegels, antennes en rutewiskers fan de auto's brutsen. Dy stiene yn de J. Bangastrjitte, Osingastrjitte, Groen van Prinstererstrjitte, it Schapedykje en de Feikemastrjitte.

Neffens tsjûgen is in groep jongerein op fytsen de dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)