Friezen nei WK inline skaten

12 aug 2011 - 17:52

De Nederlânske ploech dy't fan 29 augustus oant en mei 4 septimber meidocht oan it wrâldkampioenskip inline skaten yn Súd-Koreä hat in heech Frysk gehalte. By de manlju dogge Mark Horsten fan Drachten en de ymport Friezen Crispijn Ariëns fan Wolvegea en Michel Mulder fan It Hearrenfean mei.

By de froulju sitte Manon Kamminga fan Haulerwyk en âld-Haulster Elma de Vries yn de ploech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)