Gjin karbid mear fûn op strân

12 aug 2011 - 15:06

Der binne gjin ampullen mei karbid mear fûn op de strannen fan de Fryske Waadeilannen. Dat seit Rykswettersteat. Op de Noardvaarder op Skylge waard woansdei in ampul fûn dêr't mooglik kalsiumkarbid yn sit. Dy stof waard earder ek al oantroffen yn ampullen oan de Noardseekusten yn Noard- en Súdhollân.

Kalsiumkarbid kin ûntploffe as it yn oanrekking komt mei wetter. Dêrom wie Rykswettersteat ekstra wach op mooglike ampullen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)