Dochter foar Ids en Anni

12 aug 2011 - 14:34

Ids Postma en Anni Friesinger binne freed heit en mem wurden fan in dochter. Se hjit Josephine. De poppe is mei in keizersneed berne yn in sikehûs yn it Dútske Meppen. It giet goed mei mem en dochter. Anni Friesinger moat noch in pear dagen yn it sikehûs bliuwe.

Ids en Anni binne in jier ferlyn yn it tsjerkje fan Dearsum troud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)