Ofskie Crone fan frou Draaisma

Boargemaster Crone op frou Draaisma har 109e jierdei
Boargemaster Crone fan Ljouwert hat tongersdei noch by de 109-jierrige frou Draaisma fan Ljouwert west. De boargemaster wie dêr om ôfskied fan har te nimmen. Crone hie geregeld kontakt mei de âldste frou fan Nederlân. Se koene goed mei elkoar.
Frou Draaisma ferstoar freedtemoarn yn soarchsintrum De Hofwyk yn Ljouwert. Se wie sûnt novimber ferline jier de âldste ynwenner fan Nederlân. Dat is no nei alle gedachten Cor Geurtz út Rotterdam. Dy is ek 109 jier âld.