Trije auto's stellen
Yn Haskerdiken en yn Snits binne mei-inoar trije auto's stellen. Yn Haskerdiken waard ynbrutsen yn in hûs oan it Konvintspaad. De dief of dieven namen de auto en de televyzje mei.
Yn Snits hearde in bewenner fan in hûs oan De Hoofden in auto fuortriden, nei alle gedachten de eigen. De kaaien wiene út 'e hûs weistellen. In bewenster oan De Stuw waard ek wekker fan in fuortridende auto. Se seach noch krekt dat it har eigen wein wie. By har wiene de kaaien ek stellen.